Podcast Omrop Fryslân

Oan de hân fan dizze orizinele audio makke programmamakker Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân in rekonstruksje fan de legendaryske reis fan de Sterke Yerke III nei Kurasao.

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg (ferstoarn yn maart 2021), Guus Schweigmann en Chris Schweigmann (ferstoarn yn novimber 2019) sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimeitsje. Thús yn Ljouwert nimt technikus Meindert van der Meulen alles op wat der mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynt: ynterviews yn aktualiteiteprogramma’s op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy’t fierd wurde mei de manlju fia Radio Scheveningen.

Trailer De Sterke Yerke III – in oseaan fan dreamen is in podcast fan Omrop Fryslân.

Sterke Yerke III harkje

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse.

De Sterke Yerke III #1 De reis begjint

25 April 2021 | 12:00

De Sterke Yerke III #2 Echt ûnderweis

25 April 2021 | 13:00

Leo van der Ploeg op de Sterke Yerke III

De Sterke Yerke III #3 Fan in fersûpte kat en oare aventoeren

25 April 2021 | 14:00
Guus Schweigmann 'schiet de zon'